Finnbogason net samar fuort

Alfred Finnbogason © EPA
Oanfaller Alfred Finnbogason giet net foar in 'appel en in aai' fuort. Dat liet Gaston Sporre, ynterim direkteur fan SC Hearrenfean, snein witte. Sporre hat nei eigen sizzen in goed gesprek hân mei de saakwaarnimmer fan de Yslânske spits. 'Als er concrete belangstelling is gaan we om tafel, maar Finnbogason gaat niet afgeprijsd de markt op.'
It doel is om de oanfaller sa lang mooglik te behâlden. 'Daar gaan we alles aan doen', seit Sporre mei klam. 'Het is ook niet zo dat Finnbogason ontevreden is en weg wil. We wachten rustig af.'
By oare klups is grutte ynteresse foar Finnbogason. Sa hawwe ûnder oare Celtic, Augsburg, Hannover en HSV har each falle litten op de spits fan SC Hearrenfean.