Harnzer oppakt foar bedriging
De plysje hat sneontejûn in Harnzer (40) oanhâlden op fertinking fan bedriging. De man hie bewenners fan in hûs yn de Grettingaleane mei in moker bedrige. Ek wie de man ferbaal agressyf. Plysjes hawwe de man oppakt en en ynsletten foar neier ûndersyk.
De krekte reden foar de bedriging is noch net bekend.