Dútser oppakt mei nepwapen

04 aug 2013 - 14:31

De plysje hat sneontejûn by it Tsjamkedykje yn Balk in Dútser (31) oppakt op fertinking fan ferbean wapenbesit. In foarbijgonger hie de plysje belle, doe't er op it strân it lûd hearde fan it trochladen fan in fjoerwapen. Plysjes giene op ûndersyk út en sprutsen op it strân mei in groepke Dútsers. Ien fan harren bekende dat er in nepwapen by him hie. De plysje hat de man oanhâlden en it wapen yn beslach nommen.

De man mocht it plysjeburo wer ferlitte nei it beteljen fan in boete fan 220 euro.

Trefwurden: 
Balk Dútser nepwapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)