Polsstôk brekt, jonge ferwûne

Ambulânse © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 17-jierrige jonge út Berltsum is sneon ferwûne rekke by it polsstôkspringen. Doe't er oan It Werp yn Folsgeare oer in sleat sprong bruts de polsstôk ôf. In diel fan de stôk kaam yn de skonk fan de jonge. Hy is troch omstanners út it wetter helle.
Personiel fan in ambulânse en fan in traumahelikopter hawwe de jonge stabilisearre. Dêrnei is er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.