Man mishannele yn Starum

04 aug 2013 - 12:34

In 30-jierrige man út Kudelstaart is sneontenacht slim ferwûne rekke by in mishanneling yn Starum. De plysje sjocht in 43-jierrige ynwenner fan Starum as dieder. Dy soe de man út Kudelstaart slein hawwe. It slachtoffer foel dêrby en rekke mei syn holle in stoeprâne. Hy is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it universtêr sikehûs yn Grins.

De Starumer soe de man slein hawwe, omdat dy earder yn 'e nacht op in ljedder fan him klommen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)