Nienhuis op goal by Cambuur

04 aug 2013 - 12:29

SC Cambuur begjint it avontoer yn de earedivyzje snein tsjin NAC Breda mei Leonard Nienhuis op goal. Nienhuis hat de striid ûnder de latte wûn fan Ruud Swinkels. Ramon Leeuwin, dy't oernommen waard fan ADO Den Haach, begjint ek yn de startopstelling. Hy stiet yn de ferdigening mei Lucas Bijker, Wout Droste en Martijn van der Laan.

Op it middenfjild Mart Dijkstra, Erik Bakker en Paco van Moorsel. Foaryn steane Oebele Schokker, Martijn Barto en Oliver Feldballe. Jody Lukoki begjint op de bank.

By tsjinstanner NAC Breda begjint Anthony Lurling op eigen fersyk op de bank. Lurling hat nammentlik it mier oan fuotbaljen op keunstgers. Mei sa'n 9.000 taskôgers is de publike belangstelling foar it duel goed. Al mear as in oere foar it begjin fan de wedstriid siet de stimming foar it histoaryske duel der goed yn.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)