Jubileumoerwinning Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean hat mei de winst sneontejûn op AZ syn 300e oerwinning yn de earedivyzje helle. Dat meldt de klup op syn webside. Hearrenfean fersloech AZ yn eigen stadion mei 4-2. De earste oerwinning yn de earedivyzje wie yn septimber 1990, doe't mei 2-1 wûn waard fan Utrecht. De 100e oerwinning waard yn 1999 helle, troch mei 1-0 te winnen fan PSV.
Yn 2006 koe de 200e oerwinning byskreaun wurde, doe't Hearrenfean mei 5-0 wûn fan Willem II.