Twadde fertochte net fûn

03 aug 2013 - 21:43

Ien fan de twa manlju dy't sneontemoarn op It Hearrenfean op 'e plysje ynried is noch hieltyd net fûn. In nije syktocht nei him hat gjin resultaat hân. Der waard wer nei de man socht, neidat oan de ein fan sneontemiddei de earste fertochte oanhâlden wie.

Omdat de plysje net seker is fan de medyske tastân fan de man, wurdt in berop dien op it publyk. Elk dy't tips hat wurdt frege kontakt op te nimmen. It giet om in lytse, licht tinte man mei in read shirt, swarte broek en wite gympen. De man is mooglik ferwûne rekke troch in plysjekûgel.

Ek sneontemoarn betiid en sneontemiddei waard al nei de beide manlju socht. Dêrby waarden de ME, in plysjehelikopter en plysjehûnen ynset.

Neidat mei de syktochten ophâlden wie, waard de earste fertochte dochs noch fûn. In syktocht nei de oare man waard sneontejûn om in oere as healwei njoggenen sûnder resultaat ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)