Aldste kafee Ljouwert te keap

03 aug 2013 - 16:22

350 jier lang wie it de sjiekste herberch fan Fryslân, mar no is nûmer 36 fan de Foarstreek yn Ljouwert fergeane gloarje. Undersyk hat útwiisd dat it gebou fan 1520 datearret, en dêrmei is it in stik âlder as altyd tocht waard. Kafee Benthem is dêrmei is ien fan de âldste en faaks ek meast bysûndere huzen fan de stêd. En it stiet te keap.

De hege leeftyd fan it gebou is ôf te lêzen oan de ieuwenâlde kleastermoppen, dêr't de treptoer fan boud is. De dakkonstruksje is noch âlder, want dy is datearre op 1480.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)