IFKS bliuwt oan de kant

IFKS © Omrop Fryslân
De earste wedstriid fan it Iepen Fryske Kampioenskip Skûtsjesilen op de Iselmar by Hylpen giet sneon definityf net troch. De wedstrydlieding stelde earst de start al út. Fanwege de hurde wyn op de Iselmar wie it net ferantwurde om dêr te skûtsjesilen.
Doe't it hurd waaien bleau waard it drege beslút naam om de earste IFKS wedstriid hielendal te skrassen. It IFKS-kampioenskip giet no moandei fierder yn Starum.