Boete foar Van Rijsselberghe

Van Rijsselberghe krige yn Fryslân gjin medalje mar in boete... © ANP
Olympysk kampioen wynsurfen Dorian van Rijsselberghe is freed op 'e bon gien op it Fryske wetter. Dat meldt De Telegraaf. Van Rijsselberghe waard betrape doe't er oan it surfen wie op it Prinses Margrietkanaal by Snits, wylst dat dêr ferbean is. Hy krige in bekeuring fan 220 euro. Sels hat er dêr begryp foar, mar hy seit ek dat er in warskôging wol genôch fûn hie. Hy doelt dêrby op de grutte ûnderfining dy't er hat as surfer.
Van Rijsselberghe tinkt dat er de boete benammen krigen hat omdat de plysje in kameraploech oan board hie.