Motor botst op trekker
In motorrider fan 60 út Bûtenpost is freedtemiddei ferwûne rekke doe't er by in trekker opried. Yn in bocht fan de Wearderbuorsterwei by Westergeast kaam him in trekker temjitte, dêr't de motorrider nei alle gedachten fan skrok. Hy begûn te slingerjen en rekke de achterkant fan de trekker, alhoewol't dy al útwykte.
De motorrider kaam hurd op de dyk terjochte en is mei ferwûnings nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.