Snitswike útein set
De earste wedstriden op de Snitsermar binne sneontemoarn fersyld. De Finnjollen binne as earste úteinset. It wie sneontemoarn om healwei njoggenen al tige drok by de trailerhelling fan de Potten. Boaten waarden dêr klear makke en te wetter litten. De dielnimmers binne posityf oer it waar, want der stiet behoarlik wat wyn.
Der wurdt yn de Snitswike syld yn 37 ferskillende klassen en dêrby sitte ek de Solo's. Dat binne Ingelske boatsjes dy't jierren lang net mear op it Snitsermar syld hawwe.