LTO: Romjen hinnen goed beslút

LTO Noard fynt it goed om alle 9000 hinnen op in bedriuw yn Tsjom te romjen. By de hinnen is in mylde fariant fan de fûgelgryp fêststeld. Neffens Piet Faber fan de fakgroep plomfeehâlderij fan LTO Noard kin de mylde fariant oergean yn in gefaarlike fariant, dy't ek by minsken foar problemen soargje kin. It is dêrom goed dat de hinnen romme wurde.
De sykte is fêsteld op in biologysk bedriuw oan de Frjentsjerterwei tusken Tsjom en Frjentsjer. By it bedriuw rinne de hinnen bûten. Neffens Faber soarget dat foar ekstra kâns op besmetting.
Foarsafier no bekend wurde de hinnen oankommende moandei romme.