Douwe Visser wurdt panskipper

Douwe Visser, de skipper fan it skûtsje fan Snits, hat freedtejûn út hannen fan boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân, de Sneker Pan 2013 krigen. De oarder fan de Sneker Pan is in ûnderskieding foar minsken dy't harren fertsjinstlik makke hawwe foar de sylsport yn it algemien en de Snitswike yn it bysûnder.
Douwe Visser waard dizze wike foar de achtste kear en foar de tredde kear op rige kampioen fan de skûtsjesylkompetysje fan de SKS. It skûtsje dêr't hy mei sylt hjit ek Sneker Pan.
Apotheker rikte ek noch in lintsje út oan de 67-jierrige Jaitje Jan Dijkstra dy't ferskate bestjoersfunksjes hân hat by ferskate ferienings yn Snits.