Nij klassemintsrekôr Helmholt

Bart Helmholt hat freedtejûn yn Bûtenpost in nij klassemintsrekôr delsetten. Hy koe 20.09 byskriuwe by de sân bêste sprongen. Dy sân bêste sprongen opteld bringt 142.38 op de teller. Hy wol no it rekôr út 2012 fan Hollanner Jaco de Groot (143.58) oanfalle. Yn de finale sprong Helmholt ek noch 20.74. By de jonges ljepte Simon Willem Hoeksma fan Ie nei de winst en in prachtich pr: 17.62.
Hans Ulco de Boer sprong in nij skânsrekôr by de junioaren: 19.29. Klaske Nauta pakte yn har lêste sprong mei 14.99 de winst by de froulju.