Proef mei strie yn kuilbult

21 jan 2012 - 17:09

Kuilbulten moatte oars opboud wurde. Dat is better foar it oerflaktewetter en de boer. Om dat te ûndersykjen dogge trettjin boeren út hiel Nederlân mei oan in eksperimint dat al fan oktober ôf rint. De boeren buorkje yn trettjin ferskillende wetterskippen.

As de proef slagget wurdt alle boeren yn Nederlân advisearre om in tsien sintimeter dikke absorbearjende laach fan strie of droege pulp ûnder it gers of mais te lizzen, sadat it focht yn de bult bliuwt.

De boer profitearret ek, omdat de kij normaal ek al strie en pulp te fretten krije, mar no mei de fiedingsstoffen fan it gers of de mais deryn. De gegevens fan de proef wurde kommende tongersdei bekend makke op de buorkerij fan maatskip Wassenaar by Menaam. Dêr leit ek in eksperimintele kuilbult.

Trefwurden: 
strie kuilbult
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)