Lêste SKS-wedstriid skrast

02 aug 2013 - 16:12

De lêste SKS-wedstriid op de Snitsermar giet definityf net troch. De start wie freedtemiddei earst útsteld fanwege 'flagerige wyn' en fan dat útstel kaam ôfstel. It kampioenskip fan de SKS wie tongersdei al beslikke op De Lemmer. De Sneker Pan waard dêr kampioen. Dat skûtsje makket noch wol in earerûntsje oer de Snitsermar.

It klassemint nei de wedstriid fan De Lemmer jildt no as einklassemint fan it SKS-kampioenskip fan 2013. Snits waard kampioen mei 19,5 punten, Grou twadde mei 38,9 punten en De Jouwer tredde mei 39 punten.

Dit is it einklassemint fan de SKS 2013:

1. Snits - 27,5 punten
2. Grou - 40,9 punten
3. De Jouwer - 46 punten
4. Drachten - 48 punten
5. Earnewâld - 52 punten
6. Boalsert - 53,9 punten
7. De Lemmer - 65 punten
8. It Hearrenfean - 65,9 punten
9. Langwar - 70,4 punten
10. D'heale moanne - 74 punten
11. Ljouwert - 75 punten
12. Wâldsein - 78 punten
13. Súdwesthoeke - 78 punten
14. Huzum - 98,9 punten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)