Heech wetterferbrûk eilannen

It waarme waar betsjut drokke tiden foar wetterbedriuw Vitens. Der wurdt folle mear wetter brûkt as oars. Benammen op de Waadeilannen wurdt mear wetter brûkt. Foaral oan 'e ein fan de dei, as de minsken wer weromkomme fan it strân, hat it wetterferbrûk dêr in útsjitter.
Vitens kin de fraach goed oan, neffens wurdfierder Sebastien Kraaijeveld. It wetterferbrûk leit no op 120 % fan it gewoane nivo. Vitens kin leverje oant 170 % fan it gewoane nivo. Ek de wetterfoarried is foarearst grut genôch.
De minsken freegje om de auto net te waskjen of de tún net te bereinen is foarearst net nedich, sa lit Vitens wite.