Bouwers wynmûnen op see bekend

02 aug 2013 - 12:10

Baggerbedriuw Van Oord sil yn gearwurking mei it Dútse konsern Siemens en it Kanadeeske Northland Power (NPI) in grut wynmolepark op see bouwe op op in ôfstân fan sa'n 60 kilometer boppe de kust fan Skiermûntseach. Van Oord hat dit freed bekend makke. De bou fan wynmûnepark Gemini sil yn 2015 begjinne en moat yn 2017 klear wêze. It giet om mei-inoar 150 wynmoles, dy't mei-inoar genôch stroom produsearje foar 785.000 húshâldens.

Van Oord nimt in belang fan 10 % yn Gemini en Siemens 20 %. NPI wurdt mei 55 % de grutste oandielhâlder.

De kosten fan de bou wurde rûsd op 2.8 miljard euro. De oandielhâlders ferwachtsje dat se de finansiering fan it projekt yn 2014 rûn hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)