Slap ferlechje mislearret

02 aug 2013 - 11:41

De plysje hat tongersdeitenacht yn Driezum in 37-jierrige man út Gramsbergen oanholden. De dronken man lei yn syn auto te sliepen yn de Tsjerkestrjitte. Doe't de plysje him oanspruts kaam de man mei in ferlechje dat syn suster him dêr hinne riden hie. Efkes letter kaam der lykwols in melding binnen dat de man mei syn auto in spegel fan in auto yn de Tsjerkestrjitte ôfriden hie.

De man is oanholden foar riden mei drank op en it net melden fan in oanriding. De plysje hat syn rydbewiis ynnommen.

Trefwurden: 
dronken Driezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)