DDoS-oanfal op website plysje

02 aug 2013 - 10:48

De webside fan de plysje wie freedtemoarn twa oeren ûnberikber troch in DDoS-oanfal. Hjirtroch koe net online oanjefte dien wurde. Alaarmnûmer 112 en it algemiene plysjenûmer wiene wol berikber.

By in DDoS-oanfal (Distributed Denial of Service) stjoere hackers in hiel soad kompjûters tagelyk nei in website, wêrtroch dy oerbeleste rekket en ûnberikber wurdt. De eigen kompjûtersystemen fan de plysje binne neffens in plysjewurdfierder net hacked. De ferantwurdelikheid foar de DDoS-oanfal is opeaske troch de hackersgroep Anonymous.

Trefwurden: 
plysje website hackers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)