Gemeente Ljouwert wer berikber

Steuring by gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
De tillefoan- en ynternetferbining op it stedskantoar fan de gemeente Ljouwert docht it wer. Tongersdeijûn om in oere as alve hinne binne de problemen oplost. De hiele dei leine beide servers fan de gemeente der út wêrtroch minsken dy't wat besteld hiene, lykas in paspoart of rydbewiis, wer nei hûs ta stjoerd waarden. Neffens de wurdfierder giet it om sa'n 150 minsken dy't net holpen wurde koenen. Minsken dy't perfoast it paspoart nedich hiene foar fakânsje binne wol holpen.