Wijers pakt sulver yn Durban

© ANP
Swimmer John Wijers út Drachten hat tongersdei by de World Transplant Games yn it Súd-Afrikaanse Durban in sulveren medalje pakt op de 100 meter rêchslach. In moaie opstekker foar de Drachtster dy't yn Durban siik rekke. It is al wer de tredde Fryske medalje. Tiisdei pakte Renske van der Pijl fan De Rottefalle al in gouden plak op de tiidrit by it fytsen en letter wie der sulver foar de Rottefalster by it badminton.
De World Transplant Games binne in soart fan Olympyske Spelen foar sporters mei in transplantearre orgaan. John hat in nije nier, Renske in donorhert.