'Gjin piip by Sminkefeart'

Natoerambassadeur Jan Tijsma fan Súdwest-Fryslân is tsjin de GeoTube dy't de gemeente by de Sminkefeart pleatse wol. De feart by Aldemardum wurdt ein dit jier útbaggere. De blaumodder komt dan yn in keunststof piip, in saneamde GeoTube. Dy piip komt dan neist de feart te lizzen. Dêrtroch is der gjin romte mear foar de seldsume keningsfaren, sa seit Tijsma.
Oare natoerleafhawwers warskôgje dat bisten de feart net mear oerstekke kinne. It útbaggerjen fan de feart is ûnderdiel fan it Friese Marreprojekt