Webbesikers 'Wad heb je nodig'

01 aug 2013 - 15:44

De kampanje 'Wad heb je nodig' fan de fiif Waadeilannen hat oant no ta in soad nije besikers oan de webside Wadden.nl oplevere. It tal ferdûbele de lêste twa wiken fan july hast nei goed 11.000. Alle dagen besochten 900 besikers de webside. De twa earste wiken fan july wiene dat noch 450. Fan dy besikers wie 82 prosint nij. Oft it moaie waar ek in rol spile hat, is net dúdlik.

De Waadeilannen en toeriste-organisaasje Beleef Friesland hawwe de kampanje opset. Doel wie om saneamde last-minute toeristen nei de eilannen te lûken.

Doel wie om saneamde last-minute-toeristen nei de eilannen te lûken. Dêr waarden ek digitale media lykas Twitter by ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)