Potfiskûndersyk noch net klear

Potfisk yn Harns © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It ûndersyk nei de potfisk dy't moandei oanspielde op Skylge, duorret noch inkele wiken. De organen fan it bist wurde fierder ûndersocht op firussen en baktearjes. De ynhâld fan de terms en de mage sil ek ûndersocht wurde. De potfisk mist in diel fan de ûnderkaak. Undersikers fan de fakulteit Diergeneeskunde oan de Universiteit fan Utrecht doarre net te sizze oft dat de oarsaak is fan it oanspielen fan it bist.