'Tefolle eareboargers'

01 aug 2013 - 10:47

De gemeente Hearrenfean wol it mes sette yn it tal eareboargers. De ûnderskieding moat folle eksklusiver wurde, fynt âld-wethâlder Arend Duiker. De gemeente soe folle faker in soarte fan earepenning jaan kinne. Duiker fynt dat it eareboargerskip 'oan ynflaasje ûnderhevich is'. In sporter lykas Epke Zonderland hie neffens him ek wol in earepenning krije kind.

Op dit stuit binne likernôch tweintich minsken eareboarger fan Hearrenfean, folle mear as yn oare gemeenten.

Trefwurden: 
eareboarger earepenning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)