Muorrekeatsen demosport yn Rio

01 aug 2013 - 10:38

It muorrekeatsen is útnoege as demonstraasjesport op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. By de World Games, de Spelen foar net-Olympyske sporten, hâlde muorrekeatsers út de hiele wrâld de ôfrûne wike in toernoai om de sport op 'e kaart te setten. Fryske muorrekeatsers wiene lykwols net fan de partij, om't se de sponsoring net klear krije koene. It is noch net wis oft in Fryske seleksje ôfreizgje sil nei de demonstraasje op de Olympyske Spelen yn 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)