Twa bonnen autobestjoerster
In 18-jierrich famke is woansdei op Skylge twa kear op de bon slingere De jonge frou krige in stopteken fan de plysje foar in alkoholkontrôle. Se hie gjin drank hân, sa die bliken. Mar doe't se fuortride woe, gie dat net sa flot. De plysje frege doe om har rydbewiis. Dat hie se net. Dêrnei joech it famke ek noch in falske namme op.