Makkumer yn de sleat op A7
In 22-jierrige man út Makkum is woansdeitejûn mei de auto op 'e kop yn 'e sleat rekke op de A7 by De Tynje. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de man mei de auto fan de dyk. Hy is mei ferwûnings oerbrocht nei sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean. Hoe't it mei de man giet, is noch net bekend.