Pont Feanhoop fart langer

01 aug 2013 - 07:36

Pont De Grietman tusken De Feanhoop en Aldegea fart in oere langer. De pont begjint in oere earder te farren, fan tsien oere moarns oant acht oere jûns. De gemeente Smellingerlân hat besletten ta ferromming fan de fartiid om fytsers en kuierders temjitte te kommen. De nije fartiden jilde ek foar takom jier. Yn plak fan mids april sil de oerfarder boppedat al op 1 april begjinne te farren.

De ferromming fan de fartiid kostet de gemeente sa'n 6500 euro. De ANWB-poddestuollen moatte ek oanpast wurde, wat 4200 euro kostje sil.

Trefwurden: 
pont De Grietman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)