Stap foar Kultuerhûs Aldehaske

31 jul 2013 - 20:15

De komst fan in Kultuerhûs yn Aldehaske is wer in stap tichteby. Boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân binne akkoart mei de oankeap fan de grûn foar it Kultuerhûs troch wenningboustifting Accolade. Accolade en de stifting Kultuerhûs dy't it hiere en beheare sille, binne it ek iens wurden.

Ynkoarten wurdt it wurk oan it definitive ûntwerp wer oppakt. As dat klear is, set de proseduere foar it bestimmingsplan útein. It kultuerhûs is in soarte fan doarpshûs mei in ferskaat oan foarsjennings.

Trefwurden: 
Aldehaske Kultuerhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)