Luts te smel en te steil
Der is grutte ûnfrede oer it wurk oan de Luts yn Gaasterlân. De ôfrûne winter is it wetterke djipper makke en is der in wâlbeskoeiing makke. Dêrtroch is it wetter smeller wurden en is it dreech foar boaten elkoar te foarby te farren. In soad boaten hawwe al skea oprûn.
De Luts is ek gefaarlik wurden foar bisten. De brânwacht hat ôfrûne moanne twa reeën út it wetter helle, om't sy der net mear útkomme koenen. Gemeente De Fryske Marren jout ta dat by it wurk net alles goed gien is. Nei de simmer begjinne se mei herstelwurk.