Mei bakfyts oer de kop

31 jul 2013 - 19:10

Op Skylge is woansdeitemoarn in 35-jierrige frou út Assen ferwûne rekke. Sy kaam mei de hierde bakfyts by Midslân njonken de dyk telâne en sloech oer de kop. Dêrnei rekke se yn de sleat.

De ferwûne frou waard troch ambulânsepersoniel fersoarge en dêrnei mei de helikopter nei it sikehûs fan Ljouwert oerflein.

Trefwurden: 
Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)