Van der Meulen wint 160e PC

It partoer Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma hat de 160e PC wûn. Yn de finale fersloegen se it trio Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra mei 5-2 en 6-2. Steenstra-en-dy kamen ferrassend yn de finale, mar se koene net op tsjin Van der Meulen-en-dy. Renze Piter Hiemstra waard ta kening útroppen fan de 160e PC.
It favorite partuer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger waard yn de heale finale útskeakele.