Nije fjoertoerradar foar Skier

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
De fjoertoer op Skiermûntseach krijt in nije radar. De sensor fan de âlde radar is sûnt ferline wike kapot. As needoplossing koe Skiermûntseach tydlik gebrûk meitsje fan de radar fan It Amelân. Mei de radar hellet de ferkearlieder yn de fjoertoer ynformaasje op fan farferkear op 'e Waadsee. Rykswettersteat sil de radar tongersdeimoarne betiid ferfange. Foar de klus op hichte wurdt in kraan fan fêste wâl nei it eilân fard.