Van der Bos-en dy nei 3e list

31 jul 2013 - 16:47

It favorite keatspartoer fan Gert-Anne van der Bos is troch nei de tredde omloop. Se wûnen mei 5-3 en 6-6 fan Arnold Zijlstra-en-dy. Fierders gean Renze Pieter Hiemstra-en-dy ek nei de tredde omloop troch winst op Hendrik Tolsma (5-1, 6-2).

De oare twa dy't troch binne, binne de partoeren fan Jelte-Pieter Dijkstra en fan Tjisse Steenstra. Dijkstra-en-dy wûnen mei 5-0 en 6-4 fan Menno van Zwieten-en-dy. It partoer Steensma wûn mei 5-4 en 6-6 fan Pieter Bakker-en-dy.

Trefwurden: 
keatsen PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)