Stroom- en wettersteuring

31 jul 2013 - 15:57

Yn Akkrum hat woansdei in koarte stroomsteuring west. Dy begûn om even foar trijen en wie nei healwei fjouweren oplost. Oer de 650 húshâldings sieten sûnder stroom. Neffens netbehearder Liander leit de oarsaak yn in stikkene kabel.

Yn Aldetrine sitte bewenners fan de Sonnegawei sûnder wetter. Dat duorret noch oant healwei fiven. De oarsaak is ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)