Frânske skriezejacht ferbean

31 jul 2013 - 15:11

Jagers yn Frankryk meie de kommende fiif jier net op skriezen jaaie. Dat lit Vogelbescherming Nederland witte op Twitter.

It nije ferbod is in ferlinging fan it al besteande ferbod dat yn 2008 yngong. Dat barde nei fûle protesten fan ûnder oare Nederlânske natoerorganisaasjes tsjin de jacht. It nije jachtferbod giet tongersdei yn.

Trefwurden: 
jacht skries Frankryk ferbod
(Advertinsje)
(Advertinsje)