Potfisk bliuwt yn Harns

31 jul 2013 - 14:44

Gemeente Harns mei de potfisk hawwe. Sy hawwe in oanfraach yntsjinne by ûndersyksynstitút Naturalis en dy is tawiisd. Harns wol it potfiskskelet yn de Nije Willemshaven sette. It soe in ekstra attraksje wêze by it skip fan Willem Barentsz dat no boud wurdt. It reemeitsjen fan it potfiskskelet duorret in fjouwertal moannen. De kosten binnen 30.000 oant 40.000 euro. Dy binne foar de gemeente Harns.

De potfisk strâne moandei op Skylge en is doe nei Harns ta sleept. Dêr wurdt er no ûntleed.

Wittenskippers fan ûndersyksynstitút Naturalis yn Leiden ûndersykje de potfisk. Se wolle witte wêrom't de potfisk strâne is. Dat soe ûnder oare mei it gehoar te krijen hawwe. Fierders is hiel bysûnder dat in potfisk yn 'e simmer yn it Noardseegebiet strânet, neffens Naturalis.

Trefwurden: 
Harns potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)