Ferwûnen by ûngelok Nijlân

© Rudy Bouma
Op de A7 tusken Boalsert en Snits is omtrint it middeisoere in auto neist it talúd fan de sneldyk rekke en yn de boskjes flein. Troch de klap rekke ien fan de ynsitters beknypt yn de auto en bruts de oare ynsitter in skonk. Dy is mei de sikeauto nei it MCL brocht. De brânwacht moast de beknypte persoan befrije.
It ûngelok barde by de ôfslach Nijlân. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch ûndúdlik.