Belangstelling foar potfisk

31 jul 2013 - 12:24

Der is in soad belangstelling foar de potfisk dy't moandei by Skylge fûn waard. It bist is ferstoarn en der is fuortendaliks in soad ynteresse foar it skelet. Museum Naturalis yn Leiden lit wite dat sawol de gemeente Skylge as de gemeente Harns oanjûn hawwe dat se it skelet wol hawwe wolle.

As in gemeente it skelet yn brûklien hawwe wol, krijt dy gemeente wol in nota fan 30.000 oant 40.000 euro fan Naturalis foar it 'mearwurk', seit wurdfierder Steven van der Mije.

It skelet is en bliuwt eigendom fan de Nederlânske steat. As it skelet útstald wurdt moat it folle soarchfâldiger skjinmakker en prepareard wurde as oars it gefal is. Foar dy mearkosten draait de partij op dy't it bist hawwe wol. It is noch net bekend oft Harns of Skylge ek ree is om safolle jild foar it potfiskskelet te beteljen.

De gemeente Harns hat niiskrekt befestige de potfisk graach hawwe te wollen. De fisk kin dan tentoansteld wurde yn it Harnzer museum.

Trefwurden: 
Harns Skylge potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)