Man driget buorfrou mei moker

31 jul 2013 - 10:35
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdeitejûn yn Kollumersweach in 26-jierrige ynwenner fan dat doarp oanhâlden. De man soe syn buorfrou bedrige hawwe, hy stie mei in moker op har ruten te slaan.

De man is oanhâlden en fêstset op it plysjeburo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)