Ljouwerter dief pakt yn Grins

Plysje-embleem © ANP
In 29-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht oanhâlden yn Grins neda't hy him ferskate kearen misdroegen hie. De man, in bekende fan de plysje, soarge op it stasjon foar oerlêst troch dêr te razen en minsken lestich te fallen. Letter seagen plysjes dat de man mei in stien it slot fan in fyts stikken meitsje woe.
Nei't de man oanhâlden en wer frijlitten wie, seagen de plysjes dat de man in âlde fyts ferkeapje woe. Hy waard doe op 'e nij oanhâlden.