Frou oer de kop yn akwadukt

31 jul 2013 - 10:10

In frou (38) út Stienwyk is tiisdeitenacht mei de auto oer de kop flein yn it akwadukt yn de A32 by Akkrum. Dat kaam omdat it akwadukt fol wetter stie, nei alle gedachten omdat de pompen it net dienen. De frou rekke net ferwûne.

Ek in tal oare auto's hie lêst fan it wetter yn it akwadukt. In man (47) út Frjentsjer rekke troch it wetter tsjin de fangrail en skeat dêrnei de berm yn. Der stie op alle rydstroken sa'n 30 sentimeter wetter. Rykswettersteat seit dat de pompen yntusken wer makke binne.

Trefwurden: 
A32 Akkrum akwadukt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)