Weening 4e yn Ronde fan Poalen

Pieter Weening © ANP
Pieter Weening stiet nei de tredde etappe fan de Ronde fan Poalen op it fjirde plak yn it klassemint. De hurdfytser fan De Harkema stiet sa'n 7 tellen efter de Poal Rafal Majka, dy't oan de lieding giet. De 226 kilometer lange etappe fan Krakau nei Rzeszow waard wûn troch de Noar Thor Hushovd. Twadde waard de Australiër Mark Renshaw, folge troch syn lângenoat Steele Von Hoff.
De Ronde fan Poalen duorret noch oant en mei 3 augustus.