Takomst Prikkedaam ûnwis

30 jul 2013 - 21:07

De Ried fan Steat driget it bestimmingsplan fan Motorcrosbaan Prikkedaam yn Makkingea te skorsen. Yn in spoedproseduere sette de Ried tiisdei fraachtekens by it lûdsûndersyk fan de gemeente. Dêr docht út bliken dat it crossterrein oan de súdeastkant mear lûd produsearret as tastien.

De bewenners fan it buorskip Twijtel hawwe benammen lêst fan de minicrossbaan foar bern oan de súdkant. De motorcrossorganisaasje jout oan dat der in jildige miljeufergunning is, dy't mear leven oan de râne fan it crossterrein tastiet.

De organisaasje lit witte teloarsteld te wêzen oer de reaksjes fan de omwenners. Der binne in soad maatregels naam om oerlêst foar te kommen. De buorlju kleie benammen oer de lûdsoerlêst fan de minicrossbaan. Dêr soene hieltyd mear aktiviteiten organisearre wurde en boppedat ride der swierdere motoaren as tastien, sa sizze de omwenners.

De Ried fan Steat komt oer inkele wiken mei de útspraak oft it bestimmingsplan al of net skorst wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)