Ynbrekkers langer fêst

De twa ynbrekkers dy't ôfrûne freedtenacht yn Akkrum oanhâlden binne, bliuwe noch twa wiken fêst sitten. Dat hat de rjochter bepaald. It giet om twa manlju fan 24 en 27 jier út Grins. Se waarden yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden nei in klopjacht.
De plysje waard warskôge troch tsjûgen. Dy seagen midden yn de nacht trije manlju mei moffen oan en skinende bûslampen troch de strjitte rinnen. De plysje sette in helikopter en hûnen yn. De twa binne fûn yn it wetter oan de Mienewei. De tredde fertochte koe ûntkomme.
Mei help fan de plysjehûn fûn de plysje by it stasjon stellen sulverwurk werom. De auto dêr't de mannen yn rieden, wie stellen yn Nes.