Ravaazje troch Fryske trucker

30 jul 2013 - 13:28

In Fryske frachtweinsjauffeur hat moandeitemiddei op de A50 by it Brabânske Son foar in ravaazje soarge. De frachtwein fol nôt kantele en ramde de fangrail en in lampepeal. It hiele ûngelok waard filme troch in autobestjoerder, omdat de frachtwein minutenlang oer de dyk slingere.

Neffens syn wurkjouwer, Bok Transport út Snits, fielde de man him net goed en krige er in blackout. Dat meldt Omroep Brabant. De sjauffeur seit neat mear fan it ûngelok te witten. Hy kaam der fanôf mei in pear kniesde ribben.

Troch it ûngelok hat de A50 tusken Oss en Eindhoven oant jûns let ôfsletten west foar al it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)